Wolkom by

Aldgillis

Frysk.

In komôf om grutsk op te wêzen

D.S.S.F.S. Aldgillis is it Delfske Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje. Foar elkenien dy’t wer efkes Frysk (of mei in Fries) prate wol. De feriening waard yn 1931 oprjochte troch in stikmannich Fryske studinten oan ‘e Technyske Universiteit Delft en is oansletten by de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.

Frysk? Studint yn Delft?

Ferieningslibben

Wat hâld it yn?

It hiele koleezjejier troch organisearje wy ferskate aktiviteiten, lykas buorrels, sportaktiviteiten, quiz- en spuljûnen en noch folle mear. Ûntspanned, sportyf en ynformatyf dus! Do kinst fansels oan alle aktiviteiten mei dwaan, mar neat is ferplicht. Dat betsjut datsto it ek hiel goed mei oare saken kombineare kinst. Elts jier hawwe wy in Dies yn maaie yn Starum, en in Krystkongres yn Frjentsjer tusken kryst en âldjiersdei, tegearre mei ús susterferienings WSSFS út Weinum (Wageningen) en FFJ Bernlef út Grins.

Wolst in kear mei ús aktiviteiten meidwaan? Stjoer dan in berjochtsje! info@aldgillisdelft.nl

Of lit dyn gegevens achter fia dit kontaktformulier

Skiednis

Sûnt 1931 in thûs

It romrofte selskip Aldgillis is yn 1931 oprjochte troch studinten oan de Technyske Universiteit Delft: in plak wêr’t Frysk praten by aktiviteiten tastien wie. Troch de tiid hat it Selskip al in protte leden kint. Fan 2002 oant 2019 hat Aldgillis in sliepende posysje hân, mar sûnt dy tiid is de feriening wer folop aktyf.

Mear witte

Bestjoer

‘Yn it Fizier’

It bestjoer soarget derfoar dat de feriening draaiende bliuwt, en behâld banden mei studinteferienings yn Delft, susterferienings en partners.

Mear witte