Federaasje

Wy binne as feriening lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, hjirby binne oansletten: W.S.S.F.S. út Weinum (Wageningen), F.F.J. Bernlef út Grins en wy fansels, D.S.S.F.S. Aldgillis. Aldgillis is ien fan de âldste ferieningen dy’t de Federaasje kinnen hat, mar lykwols ek de jongste nei de heroprjochting yn 2019. Troch de jieren hinne wienen der mear Fryske ferienings troch Nederlân oansletten by de Federaasje, mar spitigernôch bestean dizze ferienings net mear.

Fanút de Federaasje wurde der leuke aktiviteiten organisearre mei it doel it stimulearjen fan gearwurking tusken de trije (en eventuele nije) Fryske studinteferienings. Sa ha wy elts jier tusken Kryst en Ald en Nij it Krystkongres yn Frjentsjer, in âlde tradysje wêrfan yn 2025 alwer de 93e edysje plakhân hat.

Elts jier wurdt in deistich bestjoer ynhammere. Elts jier binne der ien of meardere leden fan Aldgillis dy’t yn it Federaasjebestjoer sitte.

webside
Federaasje tidens it Krystkongres yn Frjentsjer fan 2025