Ofrûne desimber hawwe wy wer in moai Krystkongres hân mei de Federaasje yn Frjentsjer. Neist de hichtepunten lykas it sympoasium en foar it earst de útrikking fan de Tony Feitsma priis, wie der foaral in soart geselligens, wêr’t wy eltsenien foar bedanke.
By de kabaretkriich hat Aldgillis noch in spesjaal plak op it poadium hân. Tegearre mei it âlde Aldgillisbestjoer hat it hjoeddeistige bestjoer de lang ferlerne dekreten fan de K.K.K.K.K.Kei presintearre, dy’t oprjochte wie ‘foar jong en ûnbegrepen talint’. De K.K.K.K.K.Kei is sûnt dit Krystkongres offisjeel de normale priis wurden, mar wurd noch wol altyd troch en út namme fan it bestjoer fan Aldgillis útrikke.