Wa binne wy?
DSSFS Aldgillis is dé Fryske studinteferiening yn Delft! In plak wêr’tsto nei in drokke dei op de uni bekomme kinst mei dyn freonen; wêr’t machtige aktiviteiten organisseare wurde, en do gewoan Frysk prate kinst!
Aldgillis is ferneame nei in 7e-ieuwse Fryske kening, en sûnt 1931 in thûs foar studinten. Typysk oan Aldgillis is dat de feriening fan en foar leden is. Der is gjin ferskil yn status tusken âlde en jonge leden: eltsenien is lyk. Do dus ek. Dêrneist hat Aldgillis gjin ûntgriening. Wat we wol hawwe, is in ynauguraasje wêr’t dyn lidmaatskip besegeld wurd as it begjin fan dyn studintetiid! Mei de hechte omfang fan de feriening finsto gauw dyn plak. Aldgillis is it smûke stikje Fryslân, midden yn ‘e Rânstêd.

Wat dogge wy?
Minstens eltse twa wiken is der in aktiviteit. Tink oan buorrels, sportaktiviteiten, of quiz- en spuljûnen, mar ek poolen, filmjûn, bakwedstriden en reedriden. Genôch te beleven dus! Fansels sit der sa no en dan in Fryske tint oan: keatsen, Fryske resipten en beerenburch binne nea fier fuort. Troch it jier hinne stean der ek fêste dingen op de aginda. Wy lûde it nije jier yn mei de Nijjierssit, en yn maaie is de Dies fan de feriening by it grêf fan kening Aldgillis yn Starum.
Aldgillis en it studintelibben
Aldgillis is hielendal frijbliuwend, do bepaalst sels dyn tempo. Komst eltse jûn of iens yn ‘e moanne, dat meist sels witte: eltsenien fynt it gesellich asto der bist. It lidmaatskip is dêrom perfekt te kombinearje mei dyn stúdzje of oare saken. Dêrneist is der ek de mooglikhyd om yn enkele kommisjes te gean, lykas it fersoargjen fan aktiviteiten by Aldgillis of de Federaasje.
De Federaasje
Aldgillis is lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, en hat in hechte bân mei de susterferienings FFJ Bernlef yn Grins en WSSFS yn Weinum (Wageningen). Meerdere kearen yn it jier wurde der ferskate feesten en aktiviteiten organisseare mei de oare ferienings. Ek hjir kinsto dus goed freonen meitsje! Tusken kryst en âldjiersdei is it hichtepunt fan de Federaasje: it Krystkongres yn Frentsjer, mei sprekkers, kriichen en foaral: feest! Hjirneist is der in Federaasjefeest, binne der aktiviteiten troch it jier hinne (ek yn de simmer), en kinst by iepen feesten fan de oare ferienings lânskomme!
Aldgillis en Fryslân
Aldgillis is fansels in Fryske feriening. Dat kinst weromfine yn it feit dat de fiertaal fan de feriening Frysk is. Dat nettsjinsteande kinst seker gewoan lid wurde asto net Frysk bist of praatst; ast mar affiniteit hast mei de Fryske taal, en noch wichtiger: de Fryske sfear. Foar eltsenien dy’t ynteresseare is – ek foar wa’t Frysk de memmetaal is – is dit in omjauwing wêr’t minsken groeie kinne mei skriuw-, lês- lúster- en sprekvaardighyt.


