Frysk.

In komôf om grutsk op te wêzen

D.S.S.F.S. Aldgillis is it Delfske Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje. Foar elkenien dy’t wer efkes Frysk (of mei in fries) prate wol. De feriening waard yn 1931 oprjochte troch in stikmannich Fryske studinten oan ‘e Technyske Universiteit Delft en is oansletten by de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.

Ferieningslibben

Wat hâld it yn?

Aldgillis wol solidariteit ûnder Fryske studinten befoarderje. Dit wurd dien troch buorrels en it organisearje fan ferskate aktiviteiten. Sûnt 2019 is Aldgillis ût harren sliepende posysje helle en wurd it tal fan aktiviteiten wiidweidich.

Wolst in kear mei ús aktiviteiten meidwaan? Stjoer dan in berjochtsje! info@aldgillisdelft.nl

Of lit dyn gegevens achter fia dit kontaktformulier

Skiednis

De 17e “Dies Natalis”, 27-02-1948 (Tresoar)

Aldgillis waard yn earste ynstânsje yn 1931 oprjochte troch in stikmannich Fryske en Frysktalige studinten oan ‘e Technyske Universiteit Delft. De feriening hold al yn 1934 op te bestean, mar waard yn 1939 fannijs oprjochte. Aldgillis belibbe syn grutste bloei yn ‘e desennia fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. Nei ‘t yn 1961 yn Ynskedee de Technyske Universiteit Twinte oprjochte wie, naam it tal Fryske studinten yn Delft ôf en dêrmei ek it tal leden fan Aldgillis.

Útrikking Aldgillispriis, 28-04-1973 (Ljouwerter Krante)

Yn 1966 waard ta gelegenheid fan it ferieningslustrum foar it earst sûnt 1950 wer it Frysktalige sjongspul De Jonkerboer fan Paulus Folkertsma en Ype Poortinga opfierd. Fan 1968 ôf rikte Aldgillis in pear jier efterinoar de Aldgillispriis út oan in persoan dy’t him fertsjinstlik makke hie foar Fryslân. Under de ûntfangers fan ‘e priis, besteande út in oarkunde en in flesse jenever, wiene û.o. de letterkundige Anne Wadman en de eardere Kommissaris fan ‘e Keninginne yn Fryslân Harry Linthorst Homan.

Útrikking Aldgillispriis, 28-04-1973 (Ljouwerter Krante)
Seremoanje Starum, 31-05-1999 (Ljouwerter Krante)

De leden fan Aldgillis hienen sûnt 1961 de tradysje om alle jierren in glês op te heffen by it symboalyske grêf fan Aldgillis, dat leit tichtby de haven fan Starum. Doe’t plannen yn 1999 like te bestean om in bedriuwsgebou op dy lokaasje te bouwen, organisearre de feriening in protestaksje.

Sûnt it begjin 2002 late Aldgillis in sliepend bestean en wie de feriening ek net mear lid fan ‘e Federaasje fan Fryske Studinteferienings. De argiven waarden letter oerdroegen oan ‘e kolleksje fan Tresoar yn Ljouwert.

Aldgillis op it Krystkongres foar Fryske studinteferieningen, 28-12-2019

Yn 2019 waard de feriening nij libben ynblaasd troch de Fryske studinten Marten Wijnja en Sieger Falkena. It lidmaatskip fan ‘e Federaasje fan Fryske Studinteferienings waard dêrmei fernijd, sadat der wer trije lidorganisaasjes wiene (mei Bernlef yn Grins en W.S.S.F.S. yn Wageningen).

Aldgillis op it Krystkongres foar Fryske studinteferieningen, 28-12-2019